Waadsee wurdt waarmer

It wetter yn de Waadsee is de ôfrûne 30 jier goed oardel graad waarmer wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Nederlânsk Ynstitút foar ûndersyk nei de See.
Ek yn de Noardsee is it wetter flink waarmer wurden. Troch de opwaarming fan it seewetter feroaret de floara en fauna yn de see bot. Sa komme der no fisken foar yn de Waadsee dy't yn it ferline te finen wiene yn de Golf fan Biskaaje.