Karnavalswein Dokkum nei Fulda

De karnavalswein fan Dokkum dy't nei Fulda sil
Dokkum docht mei oan in karnavalsoptocht yn it Dútske Fulda. De beide Bonifatiusstêden hawwe in freonskipsbân. Der is in spesjale wein makke dêr't Dokkum en it Waad op útbylde wurde. De optocht is takom wike. Der komme sawat 60.000 minsken op ôf.
Yn maaie giet der wer in delegaasje fan Dokkum nei Fulda om Dongeradiel te promoaten.