Kursus feilich trekkerride

Meiwurkers fan leanbedriuwen koene tongersdei in kursus feilich trekkerriden folgje yn Aldwâld. Trekkers wurde hieltyd swierder en grutter en dat is benammen op lytse dykjes gefaarlik. De measte bestjoerders hawwe noch nea in feiligenskursus dien. De dei bestiet út in teoryles en in praktykproef. De grutte trekkers meie fan 'e provinsje sûnt hjoed op 'e trochgeande Lauwersseewei ride. De leanwurkers yn it gebiet binne dêr bliid mei.