Essent Hearrenfean giet ticht

11 feb 2010 - 15:12

It Essentkantoar op It Hearrenfean giet ticht. It enerzjykonsern wol it tal festigings yn Nederlân ferminderje fan trettjin nei fiif. It konsern hâldt kantoaren yn ûnder oare Grins, Swolle, Utrecht en Den Bosch.

De festiging op It Hearrenfean hat 240 folsleine arbeidsplakken op de ôfdielingen klanteservice en administraasje. Omdat der in soad partimers wurkje, binne der mear minsken as 240 dy't op syk moatte nei oar wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)