Rita Verdonk komt net

11 feb 2010 - 14:52

Rita Verdonk fan Trots op Nederland komt freed net nei It Hearrenfean. Dat is de iennige Fryske gemeente dêr't Trots op Nederland op 3 maart meidocht oan de gemeenteriedsferkiezings.

Undernimmers wiene dêr útnoege foar in petear mei Verdonk. Se moasten derfoar 100 euro op it kleed lizze. Hoe grut de belangstelling wie, kin de wurdfierder fan Verdonk net sizze. Se hat ôfsein omdat der út de lanlike polityk wei saken tuskenkaam binne, seit de wurdfierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)