Sibon hâldt op mei fuotbal

31 mrt 2012 - 14:49

Gerald Sibon (37) hâldt op mei betelle fuotbal. Dat skriuwt de oanfaller fan SC Hearrenfean sels op Twitter. Ferline wike waard bekend dat SC Hearrenfean net mei him fierder wol, mar no is dus dúdlik dat Sibon net noch wer nei in oare klup wol. 'Het is mooi geweest,' skriuwt de fuotballer. Sibon fuotballe sûnt 1993 foar ûnder oare VVV, Ajax, PSV, Sheffield Wednesday en trije kear foar SC Hearrenfean. Yn 2009 skeat er de beslissende strafskop yn de bekerfinale yn it doel. Dêrtroch wûn SC Hearrenfean syn earste en oant no ta iennichste haadpriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)