Skoal-Olympiade yn Ljouwert

11 feb 2010 - 14:13

Foar 120 skoalbern binne yn de Ljouwerter iishal de Olympyske Spelen tongersdei al begûn. Mei de earste miny-Winterspelen wol de gemeente de jeugd ek yn de wintermoannen yn beweging krije. It evenemint is foar de earste kear.

De bern kinne kieze út sporten lykas iishockey, curling en reedride, mar foar it prikslydzjen is de measte belangstelling. Doel fan 'e dei is de learlingen bewust te meitsjen fan it belang fan sporten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)