Soad briedende eiders Skylge

De Boskplaat op Skylge
Steatsboskbehear hat einlik in goed idee hoefolle briedende eidereinen op 'e Boskplaat sitte. In fjirde part fan dy see-einen yn Nederlân soarget yn it Skylger natuergebiet foar neiteam. Dat stiet yn in nije rapport fan Steatsboskbehear oer it gebiet.
It is wichtich te witten hoe't mei de eiders giet, want dat seit in soad oer de natuer yn it Waadgebied. Eidereinen telle is net maklik. Se binne gau fersteurd en dat hat negative gefolgen foar it brieden.