Boaiem struisâlt yn sicht

11 feb 2010 - 12:09

De measte Fryske gemeenten hawwe amper noch struisâlt. De winter hâldt mar oan en it oanleverjen fan struisâlt is dreech.

By de gemeente Skarsterlân is it struisâlt hielendal op. Tongersdeitemiddei en freedtemoarn wurdt der heechút mei sân en noch wat pikel op de meast kritike punten struid. Fierder wurdt der neat dien oan 'e wegen. De gemeente is drok dwaande om nij struisâlt te regeljen en hopet dat freed te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)