Sleutelwedstriid foar Cambuur

11 feb 2010 - 11:55

De útwedstriid fan Cambuur freed tsjin Excelsior wurdt neffens trainer Stanley Menzo in sleutelwedstriid. Ferlies betsjut neffens de trainer dat de Ljouwerters foarlopich ôfheakje foar it kampioenskip.

Cambuur hat in fitte seleksje foar de striid tsjin de Rotterdammers. Mark de Vries begjint yn de basis. Dat jildt ek foar it jonge talint Bob Scheepers. Maachi en De Visscher begjinne op de bank. De thúswedstriid tsjin Excelsior ferlear Cambuur mei 2-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)