Sven Kramer yn Hilton hotel

Sven Kramer (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer oernachtet net allinnich mear yn it Olympysk doarp, mar ek yn it Hiltonhotel. Kramer sliept ien of meardere nachten foar syn wedstriden yn it hotel om him sa better ta te rieden op syn race. Hy is dêrmei de iennige reedrider dy't bûten it Olympysk doarp sliept.
Kramer hat dêr tastimming foar krigen fan sjef de mission Henk Gemser.