Fan 'e fyts lutsen en oantaast

11 feb 2010 - 10:42

In frou fan 19 jier út Ljouwert is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei yn har wenplak oantaast. Dat barde om kertier oer twaen hinne op 'e Tunen. Dêr waard de frou fan 'e fyts lutsen troch in ûnbekende man. Hy begûn har dêrnei te betaasten.

De frou koe sels fuortkomme. Thús hat se de plysje belle. De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ynsidint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)