Mooglik stellerij yn Sint Nyk

11 feb 2010 - 10:34

Yn Sint Nyk binne trije minsken út dat plak oanholden op fertinking fan stellerij. It giet om twa manlju fan 18 en 20 jier en in 21-jierrige frou. In tsjûge seach it trijetal yn in stege oan de Gaastwei en fertroude it net. Boppedat soene de beide manlju ôfrûne tiisdei kratten bier stellen hawwe út de skuorre fan de tsjûge.

De plysje waard ynskeakele en spruts de fertochten oan. De frou mocht nei ferhoar wer nei hûs ta. De beide manlju moasten bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)