Knegt ûntefreden oer it iis

11 feb 2010 - 08:28

Shorttracker Sjinkie Knegt út Bantegea is ûntefreden oer it olympyske iis yn Vancouver. It is sacht en brekt ôf, sa lit Knegt witte. Dat makket de omstannichheden swier.

Sjinkie Knegt komt sneon yn aksje op de 1500 meter. De ferwachting is dat iismakkers út Calgary der noch alles oan dwaan sille om de kwaliteit fan it iis foar sneon te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)