Praatferbod amtners oer Omrin

Allinnich Piet Adema praat noch mei Omrin oer de ôffalferbaarningsoven by Harns
Amtners fan de provinsje meie gjin rjochtstreeks kontakt mear hawwe mei it projektburo fan Omrin foar de bou fan de ôffaloven yn Harns. Allinnich deputearre Piet Adema mei noch mei de direksje fan Omrin prate.
De provinsje wol sa dúdlik meitsje dat se in oare rol spylje wol yn it dossier fan de ôffaloven. Ek moat sa helder wurde dat de provinsje in fergunningsoanfraach allinnich toetst en him der fierder net mei bemuoit.