Noch lang gjin Alvemarretocht

10 feb 2010 - 22:27

Der moat noch flink wat froast oer it wetter foardat de Alvemarretocht útskreaun wurdt. Dat is de konklúzje nei in ynspeksje fan de 120 kilometer lange rûte. Neffens bestjoerslid en iismaster Luppo Wolthuis lizze de marren der goed by, mar moat der benammen ûnder de brêgen en by de Wetterpoarte by Snits noch hielwat barre. Yn Snits moatte de tolve tûzen reedriders starte.

Bliuwt it friezen dan komt it bestjoer healwei takom wike byelkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)