Studinten lulk op Florijn

10 feb 2010 - 22:21

Student058 yn Ljouwert is lulk op PvdA-listlûker Marco Florijn. De studinten fine dat de wethâlder besiket te skoaren mei harren punten. Florijn ûndertekene tiisdei in konvenant mei studinteferiening Osiris.

Op in byienkomst konfrontearden de studinten him hjirmei. Neffens Student058 hat hy doe it konvenant ynlutsen. Florijn seit lykwols dat omdat it konvenant net trochpraat wie mei de studinte-organisaasje IBOS, it dêrom tydlik net trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)