KNVB wrakselet mei kompetysje

10 feb 2010 - 21:12
  • Unbespylbere fjilden pleagje de amateurfuotballerij

Troch it oanhâldende winterwaar is it foar de KNVB dreech om it skema yn it amateurfuotbal op tiid ôf te krijen. Sûnt ein novimber giene al ferskate wedstriden net troch en it ôfrûne wykein binne sels alle wedstriden yn Distrikt Noard ôfsein.

Foar dit wykein liket it net folle better. Neffens KNVB Noard is der yn it kompetysjeskema foarearst noch plak foar alle ynhelwedstriden. Yn april en maaie sille ekstra ynhelwedstriden troch de wike spile wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)