Jild foar akwadukt De Lemmer

© Omrop Fryslân
Provinsjale Steaten stelle 15 miljoen euro beskikber foar de oanlis fan in akwadukt by De Lemmer. Dat akwadukt moat de brêge oer de Sylroede ferfange. Dy stiet yn de simmer geregeld iepen en dat soarget foar in soad ferkearsopstoppings.
Mei de bydrage fan de provinsje is de finansiering noch net rûn. Gemeenten moatte meibetelje fine de Steaten. In mearderheid fan de Steaten stimde yn mei in útstel fan de ChristenUnie om jild frij te meitsjen.