Mear fûgels nei Ljouwert

Ljouwert wol mear fûgels nei de stêd krije
De gemeente Ljouwert wol mear fûgels nei de stêd helje. Dêrom wurdt de Fryske haadstêd fûgelfreonliker makke. Der moat foaral plak komme foar stedsfûgels, lykas de mosk en it toersweltsje.
Dat kin troch by nijbouwenten spesjale dakpannen te pleatsen, dêr't sweltsjes in nêst yn bouwe kinne. Of in saneamde fûgelvide dêr't de mosken hooplik yn krûpe. De gemeente wol de boargers ek better ynformearje mei tips oer in fûgelfreonlike wenning en tún.