Fleanoefening boppe Marnewaard

De loftmacht oefent tongersdei en freed boppe de Marnewaard. It giet om de oefening Close Air Support. Dêrby wurdt kontakt tusken militêren op 'e grûn en piloaten fan jachtfleantugen oefene. Dy jachtfleantugen fleane boppe de Marnewaard tusken njoggenen en fiven.
Boppe it terrein sels mei op syn minst 75 meter flein wurde, yn de fyftjin kilometer der omhinne 150 meter, mei útsûndering fan natuergebieten.