Olympia's Tour nei Hearrenfean

10 feb 2010 - 13:26

De hurdfytswedstryd Olympia's Tour begjint dit jier op It Hearrenfean. Dat komt om't dêr de nije haadsponsor fan it evenemint sit. Dat is it bedriuw Royal Smilde.

It earste ûnderdiel fan de wedstriid wurdt ferriden op 17 maaie. It giet om in tiidrit oer tolve kilometer. Olympia's Tour einiget op 22 maaie yn Hoofddorp. By de ploegen dy't meidogge sit ûnder oare it Continentalteam fan de Rabobank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)