Miskien mear jild nei plysje

De plysje Fryslân mei hoopje op miljoenen euro's ekstra oan ryksjjld. De lêste jierren is de Fryske plysje ynkrompen en der binne grutte tekoarten. It kabinet beslút dit jier oft it jild foar de plysje yn Nederlân earlik ferdield is.
Der leit in advys om in soad jild fuort te heljen by de grutte stêden en dêr profitearret Fryslân dan fan. De earste trije jier soe dat mear as seis miljoen euro ekstra opsmite en dêrnei kin it oprinne oant 14 miljoen euro.