N381 mooglik wol ferdûbele

In mearderheid fan de Steaten liket foar it ferdûbeljen fan de N381. Dat docht bliken by de behanneling fan it foarstel yn de steaten. Der lizze foar it ferbetterjen fan de dyk tusken Drachten en Donkerbroek twa farianten.
By de iene bliuwt it in twabaansdyk mei 80 kilometer as maksimum snelheid. By de oare wurdt it tal rydstroken ferdûbele nei fjouwer. Dat kostet 22 miljoen euro mear. De provinsje wol dêr 15 miljoen fan betelje, de rest moat komme fan oanbelangjende gemeenten.