Maria Sterk wint NK maraton

10 feb 2010 - 10:32

Maria Sterk fan Hallum hat woansdei it NK maraton op natueriis wûn. De froulju rieden 60 kilometer op de Súdlaardermar. Se wie yn de einsprint sterker as Mireille Reitsma. De dochter fan Jacob Reitsma, Friezinne om utens, waard dus twad.

Tred waard Danielle Bekkering út Grinslân. Sterk en Reitsma hiene tegearre in foarsprong fan sa'n 50 tellen op it peleton en wurken goed gear. Yn 'e einsprint koe Reitsma it net bolwurkje tsjin Sterk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)