Brievebussen fernield

10 feb 2010 - 10:08

De plysje siket tsjûgen fan it fernielen fan brievebussen yn Ljouwert. De bussen, oan de Brandemeer en de Krijn van der Helmstrjitte, rekken tiisdeitejûn bot skansearre troch swier fjoerwurk. De brieven dy't troch de klap op strjitte kamen, hat de plysje yn in oare brievebus dien.

Fernielde brieven binne meinaam nei it plysjeburo en wurde besoarge by de ôfstjoerders. In tsjûge seach in jonge en in famke fuortdraven nei winkelsintrum Bilgaard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)