Froulju ûnderweis op natueriis

10 feb 2010 - 09:58

De helte fan it peloton fan de froulju op it NK is al útfallen. De froulju binne woansdeitemoarn begûn oan de maraton, in tocht fan 60 kilometer op de Súdlaardermar. It natueriis is goed, mar de organisaasje is hieltyd dwaande mei it sniefrij meitsjen fan de baan.

Under de dielnimmers binne Maria Sterk fan Hallum en Mireille Reitsma fan Emmeloard. Carla Zielman fan Stienwikerwâld ferdigenet de nasjonale titel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)