Snieskowe foar NK Maraton

It iis op de Súdlaardermar
Op de Súdlaardermar by Midlaren wurde woansdeitemoarn de lêste tariedings dien foar it NK Maratonriden op natueriis. Krekt as yn Fryslân is op de mar snie fallen. De trije organisearjende iisferienings binne dêrom drok dwaande de baan fan fjouwer kilometer lang skjin te meitsjen.
It NK Maraton begjint om 08.30 oere mei de froulju, twa oeren letter ride de manlju har wedstryd. Beide wedstriden binne live te sjen by Omrop Fryslân op televyzje.