Yn it tsjuster om Earth Hour

© Omrop Fryslân
Op It Amelân en Flylân giet sneontejûn it ljocht út yn it ramt fan Earth Hour. Mei de aksje wol it Wereld Natuur Fonds omtinken freegje foar it miljeu. Oan Earth Hour dogge yn Nederlân 27.000 minsken en organisaasjes mei. Sa giet yn Amsterdam it ljocht fan de Arena in oere út en yn Grins it ljocht fan de Martinitoer. Op Flylân dogge de bern fan de basisskoalle en it VMBO mei oan de aksje. Op It Amelân ropt de gemeente de bewenners op de ljochten in oere lang út te dwaan.