Omrin pakt sjauffeurs oan

Omrin sil syn sjauffeurs oanpakke
As sjauffeurs fan Omrin har yn guon wiken yn Ljouwert net better oan de ferkearsregels hâlde, nimt de direksje maatregels. Dat hat de ôffalferwurker de gemeente Ljouwert witte litten.
Op oantrunen fan it CDA ha B. en W. it bedriuw oansprutsen op it rydgedrach fan de sjauffeurs. De direksje fan Omrin seit dat it giet om in pear hurdlearske sjauffeurs. As it net better wurdt, pakt de gemeente de gefaarlike plakken sels oan. Op kosten fan Omrin, ha beide partijen ôfpraat.