Fargeul seagje foar kruser

Leanbedriuw Atsma fan Twellingea hat tiisdei de hiele dei by Jetten Yachting yn Snits dwaande west om in fargeul te seagjen. Dêrtroch moast in kruser út in skiphûs nei in helling farre kinne. Oer in ôfstân fan fyftich meter moast it iis fan op guon plakken tweintich sintimeter dik stikken makke wurde. De skossen waarden dêrnei mei in kraan út it wetter skept.
De boat koe dêrnei op transport nei Amsterdam, nei de Hiswa.