NK maraton live op tillevyzje

09 feb 2010 - 16:40
  • NK maraton yn 2009 (foto: KNSB)

Omrop Fryslân stjoert woansdei yn gearwurking mei RTV Noord en RTV Drenthe it NK maratonreedriden live út op tillevyzje. It Nederlânsk kampioenskip wurdt ferriden op 'e Súdlaardermar. It programma begjint om 08:30, as de froulju starte foar harren wedstriid oer 60 kilometer. Om 10:30 starte de manlju, mei in tal Fryske kânshawwers foar de titel.

Ferline jier wie it kampioenskip in proai foar Sjoerd Huisman, Carla Zielman wie by de froulju de sterkste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)