Grutte syktocht nei Drachtster

De syktocht nei de Drachtster (foto: Jan Beets)
De plysje hat de help ynroppen fan de maresjesee by de syktocht yn it Lauwersmargebiet nei in fermiste Drachtster. Der wurdt ek in fleantúch brûkt en de plysje siket ek al de hiele middei mei help fan hûnen.
De man wurdt sûnt sneon fermist. Hy is doe yn 'e war fan hûs gien. Syn auto waard fûn oan de Grinslanner kant fan de Lauwersmar. Der wurdt tiisdei yn elk gefal socht oant it tsjuster is.