Utstalling oer weryndieling

Utstalling is yn it gemeentehûs yn Drylts
De Twadde Keamer moat de weryndieling yn de Súdwesthoeke noch goedkarre. Dochs is yn it gemeentehûs fan Wymbritseradiel tiisdei al in útstalling iepene oer de ein fan de gemeente.
Mei ferskate keunstobjekten lit keunstner Gerrit Terpstra út Heech sjen dat it proses nei de ein ta yn gong set is. Ut 'e tiid is in útstalling dy't de kommende wiken hieltyd grutter wurdt.