Kjeld soarget foar mûzepleach

Materiaal om de bisten te bestriden
De bestriders fan mûzen en rotten hawwe it op it stuit smoardrok. Troch de oanhâldende kjeld en al it sniewetter komme de bistjes hieltyd faker út har holtsjes om iten en waarmte te finen. En dy sykje sy dan yn huzen en bedriuwen. Guon bestridingsbedriuwen hawwe troch de mûze- en rottepleach hast twa kear safolle wurk as yn kwakkelwinters.
Benammen yn âldere huzen en bedriuwen fine de mûzen en rotten gauris in kierke of gatsje dêr't sy troch passe.