Búkgrypfirus op De Jouwer

09 feb 2010 - 12:19

Yn soarchsintrum St. Theresia op 'e Jouwer is nei alle gedachten it tige besmetlike norofirus útbrutsen. Tweintich kliïnten en tsien meiwurkers binne siik wurden. Se hiene lêst fan diarree en moasten spuie.

De measten fan har binne yntusken wer opknapt, mar foarsoarchsmaatregelen jilde noch de hiele wike. Dit om foar te kommen dat der op 'e nij minsken besmet reitsje. Sa hawwe de meiwurkers mûlkapkes foar en rubberen wanten oan. Ek wurdt der ekstra skjinmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)