Hurdriderij op It Hearrenfean
Op It Hearrenfean wurdt takom wike woansdei nei trettjin jier wer in tradysjonele hurdriderij foar skoalbern hâlden. De wedstriid wurdt organisearre troch de iisklup 'Lyts Klein Thialf', op it iis by it Posthûs.
De organisaasje is sûnt 1876 hast net feroare. Earst is der in optocht fan skoalbern, mei muzyk, troch de buorren. De hurdriderij fan 'Lyts Klein Thialf' wie yn de strange winter fan 1997 foar it lêst.