Guozzeproef begjint te rinnen

It slagget it bedriuw Conquest Border Collies hieltyd better om de guozzen yn de Súdwesthoeke mei help fan hûnen yn de dêrfoar bedoelde guozzegedoochgebieten te krijen.
De guozzen lykje it troch te krijen wêr't se nei ta moatte, sa seit Ron Snoeck fan it bedriuw. Op 1750 bunder lân yn de Súdwesthoeke rint in proef mei it ferjeien fan guozzen mei border kollys. De proef sit no yn de fjirde moanne en duorret noch oant en mei april.