Earbetoan militêren Skylge

Under begelieding fan in militêre earewacht lei ambassadeur Lydia Morton fan Australië moandei op begraafplak Longway op Skylge in krâns by it oarlochsmonumint.
Op it begraafplak lizze tsientallen bûtenlânske militêren. Dêrby binne ek njoggen út Australië. Harren fleantúch waard krekt bûten it eilân delhelle troch de Dútsers. Nei hast 70 jier krije de militêren noch in militêr earbetoan.