De Graafschap rint fierder út

09 feb 2010 - 09:14

De achterstân fan SC_Cambuur op De Graafschap is oprûn nei seis punten. De ploech út Doetinchem wûn moandei mei 2-0 fan Telstar. De wedstriid fan Cambuur tsjin Fortuna Sittard gie net troch.

In oare konkurrint, Go Ahead Eagles, liet wol punten lizze. De Eagles kamen by FC Oss, de ploech fan Chris de Wagt, net fierder as 0-0. By Emmen makke Ruud ter Heide syn earste goal (strafskop). It holp lykwols net want Omniworld wûn mei 3-1 fan Emmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)