Undernimmers Boalsert feiliger

© Omrop Fryslân
It wurdt hieltyd dreger foar ynbrekkers om har slach te slaan yn Boalsert. Alle yndustryterreinen en winkelgebieten yn de stêd hawwe ynkoarten it Keurmerk Veilig Ondernemen voor Bedrijfsterreinen fan it MKB en hjirmei hat Boalsert de primeur yn Noard-Nederlân.
Yn Boalsert foldogge aanst alle terreinen en winkelgebieten oan de easken om it sertifikaat te krijen. Sa patrûljearje der nachts altyd befeiligers.