Boete foar Dingsdag

Michael Dingsdag: boete foar it smiten fan in blikje nei in LC-sjoernalist
Hearrenfean spiler Michael Dingsdag hat in boete oplein krigen fan syn eigen klup. De spiler goaide sneontejûn in blikje nei in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante. Hy wie it net iens mei wat de ferslachjouwer yn de krante skreaun hie oer syn rol by it fuortgean fan trainer Jan de Jonge.
De spiler hat earder al syn ekskuses oanbean foar it ynsidint.Hoe heech de boete is, is ûnbekend.