Boargerinisjatyf foar MFC

08 feb 2010 - 21:50

Aldegea besiket fia in boargerinisjatyf de gemeente Smellingerlân sa fier te krijen dat se jild beskikber stelle foar de bou fan in multyfunksjoneel sintrum. Der wurdt al jierrenlang oer praat, mar it doarp en wethâlder Kuipers kinne it net iens wurde oer de kosten fan de bou.

Neffens de wethâlder kostet it projekt 2.5 miljoen euro en dat bedrach wol de ried net op tafel lizze. It doarp hat lykwols berekkene dat it MFC boud wurde kin foar oardel miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)