Rutte: foarbehâld VVD foar JSF

08 feb 2010 - 16:50
  • De VVD makket in foarbehâld as it giet om de kar foar de Joint Strike Fighter

De Twadde Keamerfraksje fan 'e VVD makket in foarbehâld foar de oanskaf fan 'e JSF. De kosten wurde hieltiid heger en ek moat earst goed dúdlik wurde hoefolle leven it tastel makket. Fraksjefoarsitter Mark Rutte sei dat nei ôfrin fan in ferkiezingsbijienkost op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert.

Rutte wol noch net definityf ôfskied nimme fan de JSF. Neffens him is it tastel geskikt foar de wichtigste taak fan de loftmacht: it beskermjen fan de eigen troepen as dy op missy binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)