Hamer en Rutte yn Fryslân

Mariëtte Hamer achter de sprekstoel fan Troelstra yn Burgum
No't de gemeenteriedsferkiezings hieltiid tichterby komme, binne de kampanjes ek wer los. Moandei kamen Mariëtte Hamer fan de PvdA en Mark Rutte fan de VVD beide nei Fryslân.
Hamer kaam om in taspraak te hâlden op de âlde sprekstoel fan Troelstra. Mark Rutte kaam foar in debat mei studinten. Hy krige in soad fragen oer it mooglik ferdwinen fan de basisbeurs. De kopstikken kamen fansels om de pleatslike partij-ôfdielings te stypjen by de kampanje.