Imago hynstestamboek skeind

De Fryske tophynst Rypke 321
De fraude mei neikommelingen fan de tophynst Rypke 321 is it petear fan de dei ûnder Fryske hynstefokkers. It imago fan it Fryske hynder is mei de fraudesaak skeind, seit fokker Age van der Zee fan Aldwâld. Hy is ek siktaris fan fokferiening Ta it Bihâld.
It Frysk Hynstestamboek ûndersiket de fraude. Troch in stekproef die bliken dat in pear fôltsjes fan 2009 as neikommeling fan Rypke 321 registreard steane, mar net ôfstamme fan dizze tophynst.