Provinsje stelt farferbod yn

Der leit noch frijwat iis yn de kanalen en fearten en dêr komt wer mear iis by...
De provinsje Fryslân hat foar de tredde kear dizze winter wer in farferbod ynsteld. It ferbod jildt foar alle farwegen yn Fryslân útsein it Prinses Margrietkanaal, it Van Harinxmakanaal, it ferbiningskanaal fan it Van Harinxmakanaal ôf oant de Yndustrybrêge yn Harns en de eastlike en westlike ynfeart fan Ljouwert.
Ek yn de Houkesleat by Snits mei fearn wurde oant en mei de yndustryhavens en op de farwegen nei It Hearrenfean en nei Drachten.