Stroomsteuring yn gebou NHL

08 feb 2010 - 11:19

Der is in grutte stroomsteuring yn it nije gebou fan hegeskoalle NHL yn Ljouwert. It hiele gebou sit yn it tsjuster en bygelyks kachels en kompjûters dogge it net mear. De studinten fan 'e dei-oplieding binne dêrom nei hûs stjoerd.

De stroomsteuring is grutter as allinnich de NHL sels. Ek sa'n 1300 oanslutings yn de wyk Bilgaard hiene in skoft stroom. De oarsaak fan de steuring is in kabel dy't rekke is by grûnwurksumheden op it NHL-terrein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)