Fraude-ûndersyk hynstestamboek

Stamboekhynst Rypke 321
It Frysk hynstestamboek is dwaande mei in ûndersyk nei fraude. Fan alle 20 neikommelingen fan de hynst Rypke 321 wurdt ûndersocht oft se wol echt fan dizze hynst binne. Troch in stekproef die bliken dat in pear fôltsjes dy't ferline jier berne binne, wol as neikommeling fan Rypke 321 registreard steane, mar net fan de hynst ôfstamme.
Neffens it Frysk hynstetamboek komt it hast nea foar dat der fraudeard wurdt mei neikommelingen. Se binne dan ek bot skrokken.