Krânslizzing Skylge fertrage

08 feb 2010 - 10:43
  • Militêr begraafplak Longway op Skylge (argyffoto)

De krânslizzing op it militêre begraafplak op Skylge rint moandei fertraging op. De ambassadeur fan Australië, frou Lydia Morton, soe moandei mei de helikopter nei it eilân, mar dat slagge net fanwege it waar. No komt se mei de boat en wurdt de krânslizzing middeis holden.

Dit sil plakfine op it militêre earefjild Longway op West-Skylge. De ambassadeur docht dêr in earbetoan oan piloat Wadya Bell-Towers, dy't op Skylge begroeven leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)